Ynbrekkers pakt mei help hely
De ynset fan in helikopter hat der yn de nacht fan snein op moandei foar soarge dat de plysje fjouwer ynbrekkers by Jutryp oppakke koe. De ynset soarge wol foar ûnrêst en tsientallen telefoantsjes by de plysje. De fjouwer hiene ynbrutsen by de golfklup by Sint Nyk en wiene útnaaid mei de klûs.
De plysje hie se al gau yn de gaten en by Jutryp flechten de ynbrekkers de greide yn. Yn it tsjuster koe de plysje se net mear sjen, mar mei waarmtekamera's fan de helikopter slagge dat wol. Sûnder de helikopter hie de plysje se net oppakke kind.