Klups dupe fan OZB-ferheging
De ferienings mei eigen gebouwen yn Dantumadiel mei eigen gebouwen komme yn finânsjele swierrichheden as de OZB-ferheging fan 40% trochgiet. Ofhinklik fan de wearde fan it gebou binne se hûnderten en yn guon gefallen in pear tûzen euro mear kwyt oan de gemeente. Der binne beswierskriften tsjin de beskikkings yntsjinne, mar dy lykje gjin effekt te hawwen.
Tiisdei praat de ried fan Dantumadiel oer de kwestje. Dantumadiel '82 wol yn elk gefal fragen stelle oan de wethâlder, neffens dy partij hâldt de wethâlder him net oan de ôfspraken.