Oanhâldings húslik geweld

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei oerdeis en yn de nacht fan woansdei op tongersdei trije manlju oanhâlden foar húslik geweld. In 48-jierrige Jouster hat geweld brûkt tsjin syn frou en soan. In oare Jouster fan 31 jier waard oppakt omdat er syn eardere skoanheit mishannele hie. Yn Drachten bedrige in 20-jierrige Gordykster syn freondinne.
Justysje sil besjen oft de trije manlju in tydlik hûsferbot fan tsien dagen oplein krije moatte.