Argyf siket bedriuwsfilmkes

It Frysk Film Argyf siket Fryske bedriuwsfilmkes. Se tinke dat der in hiel soad âlde filmkes oer bedriuwen ferstoppe lizze. It is belangryk de âlde filmkes sa gau mooglik te digitaliseajren, om't de kwaliteit hurd achterút giet. It is dan dreger it byldmaterjaal yn goede kwaliteit digitaal te meitsjen. Oan de hân fan de filmkes kin in goed byld foarme wurde fan hoe't it Fryske bedriuwslibben har troch de jierren hinne ûntwikkele hat.
De digitalisearre filmkes komme op de side fan it Frysk Film Argyf te stean.
Hjir binne ek al in pear te sjen, lykas in film oer de Frico út 1939. Hiele bysûndere fynsten sille fertoand wurde op it Noardlik Filmfestival yn novimber.