Sân auto's bekrast yn Wolvegea

Yn Wolvegea binne sân auto's bekrast dy't parkeard stiene oan de Frans Halsstrjitte. Dat is nei alle gedachten sneintemoarn betiid bard. De plysje docht ûndersyk nei de fernieling. De eigeners fan de troffen auto's hawwe oanjefte dien. De plysje siket tsjûgen fan de fernieling. Dy kinne belje mei 0900-8844.