Graffityfestival Skroat 2013
Ynternasjonale graffitykeunstners bespuitsje sneon de muorren fan skroatbedriuw Van der Meulen yn Ljouwert. Dat dogge se yn it ramt fan Skroat 2013, organisearre troch Stifting Graffitiplatorm Ljouwert. Oars hiet it festival Skrift, mar omdat it no ny in skroatbedriuw is, hawwe se de namme dêrop oanpast.
Van der Meulen pleatste ferline jier in muorre om it bedriuw fanwege stellerij. Eigener Anton van der Meulen woe graach mear fleur op 'e grize betonnen muorre hawwe. Dêrom hat er de muorren beskikber steld foar it festival.
De muorre wurdt ek wol de Berlynske muorre neamd, om't er bestiet út betonnen grûnplaten fan East-Dútske fleanfjilden. De spoaren fan fleantugen stiene der noch op. No wurde de platen bespuite troch graffitykeunstners lykas Flying Fortress, Jukebox Cowboys en Zedz. It festival duorret oant njoggen oere sneontejûn en is frij tagonklik.