Snein protest SC Hearrenfean

No sneintemiddei om trije oere wurde minsken oproppen om massaal nei Fean Plaza yn it Abe Lenstra stadion te kommen yn ferbân mei de gong fan saken by SC Hearrenfean. De oprop wurdt dien út namme fan de opposysjepartijen, werûnder de beide supportersferienings en de groep ûngerêste sponsors. De partijen wolle gjin ûndersyk mear, wat oankundige is. Se sille snein de stânpunten noch ris hearre litte. Mar it doel is foaral dat minsken massaal nei it stadion komme om de ûntefreden massa in gesicht te jaan.