Motorrider fallen op Ofslútdyk

© ANP XTRA
In 43-jierrige motorrider út Koudum is tongersdeitemoarn op de Ofslútdyk ferwûne rekke by in ûngelok. De man ferlear nei alle gedachten troch in lekke bân de macht oer it stjoer. Dêrtoch foel er.
In dokter en twa ferpleechkundigen fan de marine, dy't tafallich yn de buert wiene, koene earste help jaan oan it slachtoffer. De man is dêrnei mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.