Gemalen Lytse Bouhoeke klear

It gemaal Rûge Lollum by Lollum draait en dêrmei binne alle fjouwer gemalen yn de saneamde Lytse Bouhoeke ferfongen. De gemalen tusken Harns en Boalsert soargje foar in goede wetterstân yn it gebiet fan 5400 bunder. De nije gemalen kinne in soad wetter nei bûten mealle. Fisk wurdt meinommen sûnder dat se der lêst fan hawwe. De oare gemalen steane by Boalsert, Harns en en Wytmarsum. It totale bouprojekt koste 4,5 miljoen euro.
It Wetterskip hat it behear oer 1.000 gemalen yn de provinsje en ynvestearret alle jierren 11 miljoen euro yn it ferfangen of oanpassen fan gemalen.