Ekstra jild foar monuminten
De provinsje lûkt 1,6 miljoen euro ekstra út foar restauraasje en ûnderhâld fan monuminten. Mei it jild binne 30 monuminten holpen. Yn totaal is no foar 2013 hast 4 miljoen euro beskikber.
De provinsje moast ferline jier in tredde diel fan de oanfragen ôfwize. Mei it ekstra jild kin de provinsje dizze oanfragen wol honorearje. Derneist is der neffens de provinsje jild foar nije oanfragen. Dy oanfragen kinne fan 2 septimber oant en mei 7 oktober yntsjinne wurde.