Erik Braal fuort by Aris
Coach Erik Braal giet fuort by de Ljouwerter basketbalklup Aris. Dat ha beide partijen moandeitejûn besletten. Braal soe yn it nije seizoen finansjeel te swier drukke op de legere begrutting. Aris hie graach trochgean wold mei Braal, seker nei it súksesfolle seizoen, wêryn't it twadde plak behelle waard.
Braal wol graach fierder as basketballcoach en sjocht dêrby foaral nei it bûtenlân. Mocht de finansjele sittewaasje by Aris better wurde, dan slút Braal net út dat hy ea werom komt nei Ljouwert.