Rekôrpoging flotfarre Drylts

Twa kilometer farre mei sechstich selsmakke flotten yn ien lange sliert. Sa wol basisskoalle De Kogge fan Drylts tiisdeitemiddei it rekôr flotfarren ferbrekke. It wrâldrekôr is yn Japanske hannen, dy farden goed oardel kilometer mei in lange sliert flotten.
Mei it rekôr wol groep 8 ôfskied nimme fan de basiskoalle. It doel wie earst om yn it Guinness book of records te kommen, mar dat koste tefolle jild. Ek de legere groepen fan De Kogge wurkje mei oan it bouwen fan de flotten.
De sliert dy't tiisdeitemiddei troch it wetter fart moat langer as hûndert meter wurde. De rûte sil rûnom Drylts wêze.