Gearwurking lokale omroppen

Twa lokale omroppen yn Noardwest-Fryslân sille mear gearwurkje. De keatsprogramma's fan Radio Eenhoorn, de lokale omrop fan Menameradiel, It Bilt en Frjentsjerteradiel, binne fan it kommend wykein ôf ek te hearren op Radio Stad Harlingen. Oarsom stjoert De Eenhoorn takom jier programma's út, dy't Radio Stad Harlingen makket oer de fiskerijdagen en Sail Harlingen.
De gearwurking is in foarskot op in fúzje. Doel is dat der yn Noardwest-Fryslân ien gemeente komt, dy mei dan ek mar ien lokale omrop ha.