Gjin stipe 'Skaaf mut blieve'

It boargerinisjatyf 'Skaaf mut blieve' krijt gjin stipe fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. It kolleezje wol fêsthâlde oan de oarspronklike plannen.
In pear jier ferlyn is sealesintrum Schaaf oankocht troch de gemeente. It is de bedoeling it folsleine gebiet op 'e nij te ûntwikkeljen. Dêrby wurde de omwenners belutsen. De yntsjinners fan it boargerinisjatyf binne benaud dat Schaaf dan ferdwine sil en plak meitsje moat foar apparteminten.