Man oanhâlden foar ûntfiering

Plysje-embleem © ANP
In 19-jierrige man út Ljouwert is moandeitemoarn oanhâlden troch de plysje op fertinking fan it stellen fan in auto, bedrigen en ûntfiering. De man naam yn de nacht fan snein op moandei in 22-jierrige frou tsjin har sin mei yn har auto. Nei in lyts skoft slagge se op de Aldlânsdyk deryn om fuort te kommen en belle 112. De man naaide yn de auto fan de frou út. De man melde himsels letter op it plysjeburo. Dêr is hy oanhâlden. De frou hat oanjefte dien.