Ein 2014: 92-tûzen wurkleazen

Ein takom jier binne der 92 tûzen wurkleazen yn Noard-Nederlân. Dat ferwachtet útkearingsynstânsje UWV. Yn 2013 sil it tal wurkleazen noch mei 20 persint groeie, yn 2014 sil dêr nochris 7 persint bykomme.
Yn it Noarden sil yn alle sektoaren minder wurk wêze, útsein de distribúsjesektor en de saaklike tsjinstferliening. It UWV basearret him op sifers fan it Centraal Plan Bureau.