'Utspraken Jorritsma net tûk'
PVV-steatelid Otto van der Galiën fynt it net tûk dat kommissaris fan de Kening John Jorritsma him ôfrûne wykein yn it NRC Handelsblad kritysk útlitten hat oer de rol fan de provinsje by de plannen foar in nij Thialf.
Neffens Van der Galiën sille soksoarte útlittings de kânsen fan Thialf 'yn elts gefal net helpe'. Jorritsma neamde de beslútfoarming oer in nij Thialf yn Fryslân grillich en sei ek dat it útstel yn Fryslân oaren oanset hat om plannen te meitsjen.
Van der Galiën hat Jorritsma útnoege om woansdei by de kommisjefergadering oer Thialf tekst en útlis te jaan oer it NRC ferhaal. Deputearre Hans Konst, dy't Thialf yn portefûlje hat, reagearret yn earste ynstânsje net ferwûndere. Neffens him hat Jorritsma gewoan it gefoel dat hjir libbet ferwurde. 'Mar achterôf sjoch je in ko yn de kont', fynt Konst.