Nij gemaal: provinsje oan set

De provinsje is oan set as it giet om de bou fan in nij gemaal by de Lauwersmar. Dat seit steatssiktaris Atsma fan Ynfrastruktuer. Fanwege it hege wetter wurdt de rop om in ekstra gemaal hieltyd lûder. Neffens de steatssiktaris is der in pear jier ferlyn in Pact Lauwersmeer sletten dêr't de provinsjes Fryslân en Grinslân yn sitte en de wetterskippen. Dy groep soe foar 2011 mei in plan komme foar in nij gemaal.
It Ryk fynt in gruttere spuikapasiteit fan de Iselmar wichtiger as in nij gemaal by de Lauwersmar.
De kosten foar it gemaal by de Lauwersmar wurde rûsd op 150 miljoen euro. It ryk is net fan doel om hjir oan mei te beteljen omdat it 'nasjonale belang' fan dit gemaal ûnfoldwaande oantoand is, sa seit Atsma.