SCO takom jier ek haadklasser

De kuorballers fan SCO binne takom seizoen wis fan haadklasse kuorbal. Yn in wiere thriller wûn de ploech fan trainer Hillebrand Diever mei 15-12 fan degradaasjekonkurrint Amicitia. Yn Vriezenveen rûn SCO brutaal út nei in 4-6 foarsprong, wêrnei't de Aldeholtpeasters de 'Schwung' efkes kwytrekken. By rêst stie in 9-10 stân op it boerd.
Nei rêst wist SCO de minime foarsprong ek fêst te hâlden. Mei noch 10 minuten te gean wist de ploech de marzje út te wreidzjen nei trije treffers en kaam de wichtige oerwinning net mear yn gefaar.
Troch de winst komt SCO op in puntetotaal fan 11. De klup is dêrmei wis fan liifsbehâld yn de haadklasse fan it fjildfuorbal fan takom seizoen.