Spitse en Geurts yn EK-ploech

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits en keepster Loes Geurts fan Hichtum binne opnaam yn de earste seleksje foar it EK fuotbal foar froulju yn Sweden. Dat hat de KNVB sneon bekend makke. Yn 'e earste seleksje sitte 31 fuotbalsters. Dêrút kiest bûnscoach Roger Reijers de kommende wiken 23 spylsters foar de definitive seleksje.
De Oranjefroulju sette mei de tarieding út ein op 10 juny mei trainingsstaazjes yn Doorwerth en Delden. Foar de reis nei Sweden stean noch twa oefenynterlâns tsjin Australië en Noard-Ierlân op it program.
Sherida Spitse komt sûnt ferline jier út foar FC Twente en waard dit seizoen kampioen yn de BeNe League A. Keepster Loes Geurts spilet sûnt 2012 by it Sweedske Vittsjö GIK. It EK fuotbal foar froulju wurdt hâlden fan 10 oant en mei 28 july 2013 yn Sweden.