Klappen by de boadskippen

Geweld © Omrop Fryslân
In 56-jierrige man út De Gordyk is ûnder it boadskiprinnen troch twa 25-jierrige doarpsgenoaten mishannele. It slachtoffer kaam mei boadskippen út in winkel wei, doe't de manlju ferhinderen dat er by syn auto komme koe. De man waard troch it duo skopt en slein.
It slachtoffer naaide út nei de supermerk, mar waard dêr ek mishannele. In omstanner grypte yn en de dieders woene útnaaie. De plysje wist dat foar te kommen. It twatal is oanhâlden. Se sitte noch fêst. De reden fan de mishanneling is noch ûnbekend.