Fleanklup yn problemen

De Fleanklup Fryslân wurdt yn syn bestean bedrige troch hegere laningsjilden fan it fleanfjild yn Drachten. De stifting dy't it fleanfjild yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân beheart, hat nei in skeel mei de fleanklup oer havenjilden, de eksploitaasje en bemanning oerdien oan de feriening Loftfeartsintrum Drachten. Dêrneist binne de lanningsjilden ferhege.
Dêrtroch wurde fleanlessen fan de fleanklup ek djoerder. Dêrtroch ferliest de klup leden dy't op oare fleanfjilden yn Noard-Nederlân goedkeaper út binne.
Op in ekstra ledegearkomste is freedtejûn ôfpraat dat de kontribúsje ferlege wurdt om sa de ferheging fan it lanningsjild wat te kompensearjen. De Fleanklup Fryslân telt goed hûndert leden.