Pleit foar Waadmoksels

Moksels dy't út de Waadsee fiske wurde, moat gewoan Waadmoksels hjitte kinne. Dat seit Arjan Berkhuysen, direkteur fan de Waadferiening. Hjoed-de-dei is it sa dat Sieuwen nei ús provinsje ta komme meie om hjir it sied fan de moksels op te fiskjen en letter wurde dy ferkocht as Sieuske moksels. De Waadferiening wol dat Sieuske mokselfiskers yn 'e takomst allinnich noch mar yn Seelân fiskje meie, want dit soe goed wêze foar duorsumheid fan it Waad. Boppedat soene wy yn Fryslân hjirtroch ek in eigen Waadmoksel krije kinne.