"Onwettige staatssteun Thialf"

In diel fan de ynvestearring foar it nije Thialf soe ôfkomstich wêze fan it ryk, en soe dêrmei ûnwettige steatsstipe wêze. Dat skriuwt it Leidsch Dagblad. Foar it nije Thialf is in bedrach fan 50 miljoen reserveard, jild dat neffens de provinsje út de Nuon-jilden komt.
Neffens in fertroulike analyze fan it Haachske advokatekantoar Pels Rijcken, dêr't it Leidsch Dagblad út sitearret, is 20 miljoen dêrfan fan it Ryk frege. Op dit stuit wurdt ûndersyk dien nei de finansjele ûnderbouwing fan de plannen fan de iishallen.
De steatefraksje fan de PVV hat al fragen oer de saak steld.