'Sinnepanielen bliuwe yn trek'

De merk foar sinnepanielen sil net ynstoarte troch de oprinnende prizen. Dat seit direkteur Gelbrig Hoekstra. Har bedriuw út Sumar leveret en ynstallearret sinnepanielen. De priis fan de panielen is de ôfrûne wiken mei 10 persint oprûn fanwege in driigjende ymportheffing op goedkeape panielen út Sina en minder oanbod op de merk.
Neffens brânsje-organisaasje Uneto-VNI rint it tal oarders foar panielen dêrtroch werom. Mar it priiseffekt op de totale ynstallaasje is net sa grut, seit Hoekstra. Boppedat is de merk noch folop yn 'e groei.
Hoekstra ferwachtet dat de ymportheffing der úteinlik net komt, om't der grutte wjerstân tsjin is yn ferskate Europeeske lannen.