Gearwurking Fryslân-Ljouwert

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert sille de kommende jierren gearwurkje om grutte bedriuwen en opdrachten binnen te heljen. Kommissaris fan de Kening Jorritsma en boargemaster Crone hawwe dêr in oerienkomst foar ûndertekene.
Foar Fryslân is it dreger om grutte saken binnen te heljen as foar de Rânestêd. Dêrom is it wichtich om mei-inoar op te lûken, fine de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân. Earder binne op dy wize ek al bygelyks wetterynstitút Wetsus en de Dairy Campus hjirhinne helle.
De beide partijen stekke goed 850 miljoen euro yn it projekt. De provinsje Fryslân wurket op deselde wize ek gear mei de gemeenten Smellingerlân, Hearrenfean en Súdwest-Fryslân.