Motorrider ferwûne by botsing

In man fan 43 jier út Skerpenseel is tongersdei ferwûne rekke nei in oanriding op 'e Jouwer. It ûngelok barde op de Seewei. De motorrider wie oan it ynheljen en seach te let dat in bestelbuske ôfsloech. De man is mei ferwûnings oan it skouder nei it sikehûs brocht.