Friese Koers: betingst Thialf

De Fryske steatepartij Friese Koers wol gjin blanko sjek foar Thialf. As de KNSB beslút om dochs gjin ynternasjonale reedrydtoernooien te organisearjen yn Thialf, dan moat de provinsje gjin 50 miljoen euro yn de nije iishal stekke. Friese Koers tinkt dat sûnder de ynternasjonale wedstriden Thialf in eksploitaasjetekoart krije sil en yn grutte finansjele problemen komt.
De steatefraksje fan Friese Koers is Jelle Hiemstra. Yn augustus nimt de KNSB in beslút oer hokker iisbaan de ynternasjonale topstatus krijt.