Greidefûgelboerd foar Wâlden

Tongersdeitejûn is yn Damwâld it earste greidefûgelboerd fan de Noardlike Fryske Wâlden ûntbleate. It ynformaasjepaniel hat as doel om mear bekendheid te jaan oer it greidefûgelbehear yn de Noardlike Fryske Wâlden. It giet dan bygelyks oer hokker fûgels briede op it boerelân en wat de populêre lokaasjes foar in fûgel binne.
It greidefûgelboerd is in inisjatyf fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden en feriening Agrarisch Landschapsbeheer Dantumadiel.