Koper yn de fytstas

Koper © Omrop Fryslân
In 25-jierrige man út Grins is tongerdeitemoarn yn Eastermar op 'e died trapearre by it stellen fan koper fan in bedriuwsterrein. De fertochte wie op de fyts nei it bedriuw oan de Yndustrywei ta gien. Wurknimmers seagen dat de man it koper yn 'e fytstas die en sprutsen him dêrop oan. Hy is oerdroegen oan de plysje. It ark fan de fertochte is yn beslach naam.
Fierder die bliken dat de fyts dy't de man by him hie, stellen wie. Dy is ek meinaam troch de plysje.