Rodenhuis trainer De Jouwer

Wieb Rodenhuis wurdt mei yngong fan it nije seizoen trainer fan sneins-earsteklasser De Jouwer. Rodenhuis is de opfolger fan Gerrie Schouwenaar, dy't as jeugdtrainer oan de slach giet yn it Libyske Tripoli.
Rodenhuis wie earder al trainer fan De Jouwer, fan 2007 oant 2009 wurke hy ek al foar de fuotbalklup. Hy hat in kontrakt tekene foar in jier.