Konst wol fierder útstel KNSB

Deputearre Konst wol dat de KNSB de datum foar it beslút oer Thialf oer de fakânsje hinne tilt. Op dit stuit is it definitive beslút oer de nije topsportlokaasje foar it reedriden komt útsteld oant 8 augustus.
Neffens de deputearre is it net winsklik dat sa'n grut beslút naam wurdt yn in perioade wêryn't in grut part fan de Steaten en de bestjoerders net oanwêzich is. De KNSB en NOC*NSF sjogge op dit stuit opnij nei de foarstellen fan It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer foar in topiisbaan.
It plak dat keazen wurdt krijt fan 2016 ôf de topsportstatus.