Fûgelferfolgers flink straffe

Der moatte hegere straffen komme foar de ferfolging fan rôffûgels. Dat fynt deputearre Johannes Kramer. De hjoeddeistige straffen stean net yn ferhâlding ta de ynspannings dy't nêdich binne om de dieders op te spoaren. Minsken geane gnizend fierder as se de boete betelle ha, sa seit Kramer.
Boppedat kin wat de dieders dogge ek noch hiel gefaarlik wêze. Der is earder in man feroardiele omdat hy deade hinnen en mosken as aas mei safolle gif behannele hie dat der wol 400 minsken oan deagean koene.
Woansdei op in harksit fan de Twadde Keamer sil de provinsje Fryslân dan ek oantrune op hegere straffen. Ynkoarten wurdt ek in meldpunt iepene tsjin rôffûgelferfolging.