Iraakske asylsikers yn aksje

In groep fan sa'n 30 útprosedearre asylsikers demonstrearre tiisdeitemiddei by it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten. It giet benammen om Irakesen dy't krekt te hearren krigen hawwe dat se wêrom moatte nei harren heitelân. Se binne it dêr net mei iens. Faak wenje se al 10 jier yn Nederlân en se ha hjir ek bern krigen. Se binne benaud om werom te gean nei Irak, omdat it neffens harren dêr net feilich is.