Oanhâldingen nei oanriding

Fytser oerfallen yn fytstunnel © Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitenacht yn Ljouwert trije manlju út Stiens en Emmen oanhâlden, omdat se mei tefolle drank op yn in auto in oanriding feroarsake hiene. De trije rieden oer de Pelikaanstrjitte doe't de auto in klapbân krige. Dêrtroch rieden se tsjin in parkearde auto.
De trije woene net sizze wa't fan har achter it stjoer sitten hie. De plysje hat se dêrom allegear meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat se tefolle drank hân hiene.