'Lederied KNSB beslút mei'
De lederied fan de KNSB krijt mooglik in gruttere rol yn it beslút oer it tawizen fan it nasjonaal topriderssintrum fan it reedridersbûn. Dat seit foarsitter Jelle Wesselius fan it gewest Fryslân fan 'e KNSB.
Wesselius hat signalen krigen dat der fanút de lederied in soad fragen binne oer de gong fan saken. Ofrûne sneon hat it KNSB-bestjoer besletten dat de definitive kar foar it nije topsportsintrum pas yn augustus makke wurdt. Akkountantsburo Ernst & Young sil de finansjele helberens fan alle plannen better besjen.
Wat Jelle Wesselius oanbelanget hie de beoardielingskommisje fan KNSB en NOC*NSF dat al dwaan moatten foar it útbringen fan harren advys.