Kramer rint nij parkoersrekôr

Maratonrinster Mariska Kramer fan Drachten hat snein op ymponearjende wize de Univé Drinte Maraton op har namme skreaun. Yn Klazienaveen ferpulvere se it parkoersrekôr mei mar leafst 4 minuten en liet de klok stilstean op 2 oeren en 41 minuten. It sulver wie foar de Keniaanse Lilian Koech (2.51.06), it brûns gong nei de Japanse Chihiro Tanaka (2.52.59).
By de manlju wûn Hicham El Barouki út Marokko, dy't 2.16.44 klokte. It sulver wie foar Henri Cheruiyot Kosgei út Kenia (2.18.22) en it brûns foar de Ugandees Martin Nyakua (2.23.47).