Ljouwert:bedriging mei pistoal

Twa Ljouwerters fan 20 en 24 jier binne freedtemiddei oanhâlden omdat se mei in fjoerwapen in 38-jierrige man út Den Haach bedrige hawwe soene. De plysje waard warskôge dat der op it Blokhúsplein yn Ljouwert in bedriging west hie.
Oan de hân fan it sinjalemint koe de plysje de twa Ljouwerters yn de buert oanhâlde. Se sitte fêst foar neier ûndersyk.