Rabobank skrast tûzenen banen

Yn 2016 ferdwine lanlik nochris 2000 banen by de Rabobank. Dat hat bestjoersfoarsitter Piet Moerland fan de bank sein. Ek sille der mear festigings ticht moatte. In pear moanne lyn makke de bank al bekend dat der 6000 banen ferdwine. De besunigingsoperaasje is nedich omdat hieltiid minder minsken nei de bank ta komme. Alles giet digitaal.
Trochdat dy ûntwikkeling folle flugger giet as de direksje fan de Rabobank earst tocht, moatte de plannen no alwer bysteld wurde. Hoefolle banen der yn Fryslân krekt ferdwine sille is noch net bekend.
Fakbûn FNV is kjel wurden fan de lêste sifers fan de Rabobank. Dy makke sneon bekend dat der net 6.000 mar 8.000 minsken har baan by de bank ferlieze. It fakbûn makket him benammen soargen oer it personiel fan de Friesland Bank dat troch de fúzje nei de Rabobank oergiet. It personiel fan de Friesland Bank driget ek mei aksjes om' t se it net iens binne mei har posysje binnen de Rabobank. Se hawwe foar in part legere funksjes krigen as se earst by de Friesland Bank hiene. Se binne benaud dat se dêrtroch ek earder op de nominaasje steane om ûntslein te wurden by de reorganisaasje. It fakbûn hat kommende wike noch oerlis mei de Rabobank. Oan de hân derfan wurdt besjoen oft se echt ta aksje oergeane.