Ynset fan minister foar Prins
Minister Asscher fan Sosjale Saken sil him ynsette foar it personiel fan Prins Dokkum. Dat sei Asscher woansdei yn Den Haach tsjin in delegaasje fan wurknimmers fan it fangrail-bedriuw. Prins Dokkum wurdt mei sluting bedrige omdat de Noarske eigener de produksje oerhevelje wol nei it bûtenlân.
Utsûnderlik, sa neamt it CNV de stipe fan Asscher.
Utsûnderlik, sa neamt it CNV de stipe fan Asscher.
De minister sil kontakt lizze mei boargemaster en wethâlders. Ek sil er sjen nei de rol fan it UWV. Neffens it CNV hie dy mear ûndersyk dwaan moatten nei de ûntslachoanfragen fan Prins.