'Van Wijnen ûnfatsoenlik'
Boubedriuw Van Wijnen behannelet syn personiel ûnfatsoenlik. Dat seit fakbûn FNV. Van Wijnen jout fyftjin minsken dien op De Gordyk en moast earder ek al trettjin minsken ûntslaan yn Grins. It boubedriuw docht dat sûnder oerlis mei de fakbûnen en sûnder sosjaal plan. Neffens it FNV ûntslacht it boubedriuw hiel bewust lytse oantallen om mar net om tafel te hoegen mei it fakbûn.
Kommersjeel direkteur Van Kimmenaede fan Van Wijnen ûntkent dat. Neffens him wurdt praat mei de ûndernimmingsried en dy fertsjintwurdiget it personiel foldwaande.