Tûzenen reaksjes Thialf-aksje
De aksje 'Thialf moet blijven' op Facebook hat al 23.000 reaksjes krigen. De aksje is bedoeld om de topsportstatus foar iisstadion Thialf op It Hearrenfean te behâlden. De inisjatyfnimmers neame it reedriden op Thialf 'kultuer en tradysje' en fine dat Thialf it klopjend hert fan it Nederlânske reedriden bliuwe moat. Se hoopje dat se de KNSB en it NOC*NSF ûnder druk sette kinne om fan gedachten te feroarjen. In seleksjekommisje fan dizze organisaasjes fynt op dit stuit dat Almere de bêste papieren hat. Op 3 juny wurdt in definityf beslút naam.
Woansdei wurdt yn de steaten oer de kwesje Thialf praat. Tiisdei seine deputearre Konst en kommissaris fan de Kening Jorritsma dat de bou fan it nije Thialf trochgiet, ek al soe de iisbaan mooglik net as de topreedriderslokaasje oanwiisd wurde troch de KNSB. De VVD-fraksje sil yn de steaten oantrune op net ien, mar twa iisbanen yn it nije Thialf. Dat sei Sylvia Hosman, vice-fraksjefoarsitter fan de VVD. Der is ek in webside , www.thialf-moetblijven.nl, mei dêrop it lêste nijs, in ferwizing nei de Facebookside en nei petysjes op ynternet.