Konst skrikt fan Thialf-nijs

Deputearre Hans Konst is skrokken fan it berjocht fan de NOS dat net Thialf op It Hearrenfean, mar de nije iisbaan yn Almere troch de KNSB en NOC*NSF keazen is as sintrum foar it topreedriden. 'Wy ha gjin kalme twadde pinksterdei mear', seit syn wurdfierder. De NOS seit him te basearjen op it noch fertroulike beoardielingsrapport.
De wurdfierder fan Hans Konst seit dat it tsjin alle ôfspraken is, dat de konklúzjes fia de NOS útlekt binne. De provinsje soe de útslach pas tiisdei tusken 8 en 9 oere hearre en soe pas dêrnei reagearje.
Hans Konst toande him de ôfrûne wiken hiel optimistysk oer de kânsen fan Thialf. De provinsje wie ree om 50 miljoen euro te stekken yn de fer- en nijbou fan it iisstadion. Njonken Almere en It Hearrenfean wie ek Zoetermeer yn de race om it sintrum foar topreedriden binnen te heljen.
KNSB-foarsitter Doekle Terpstra seit folslein ferrast te wêzen oer de berjochtjouwing fan de NOS, omdat it rapport fan 'e beoardielingskomisje neffens him mar by acht minsken bekend is. Oft de beoardieling yndied yn it foardiel fan Almere útfallen is, wol hy net sizze. Terpstra wol gewoan de proseduere folgje, sa't dy earder ôfpraat is. Hy sjocht gjin oanlieding om dêr no wat oan te feroarjen.
Ek Arie Koops, ien fan de leden fan de beoardielingskommisje, neamt it hiel spitich dat it rapport fan beoardielingskommisje útlekt is. Koops seit dat hy gjin ydee hat hoe't it rapport by de NOS bedarre is. De NOS meldt op grûn fan it noch fertroulike rapport dat de KNSB en NOC-NSF kieze foar Almere, yn stee fan It Hearrenfean of Zoetermeer. It Hearrenfean soe neffens de NOS ôffallen wêze, fanwege de mindere berikberens. Ek soe it plan fan Thialf minder goed skoare op it mêd fan de duorsumens.