Manlju ha stellen fyts yn auto

In man (31) út Ljouwert en in man út Snits (33) binne sneintenacht yn Aldskoat oanholden. Se foelen op, omdat it remljocht fan de auto it net die. Mar de plysje trof yn de auto ek noch in fyts oan dy't sneon stellen wie op It Hearrenfean.
Fierder waard der ek drugs yn de auto oantroffen. Ien fan de beide manlju koe gjin legitimaasje sjen litte. Dêrop binne de beide manlju meinommen nei it plysjeburo.