Weening spilet haadrol yn Giro

Pieter Weening © ANP
Hurdfytser Pieter Weening hat snein yn de 15e etappe fan de Ronde fan Italië in haadrol spile. Yn de 145 kilometer lange tocht demarearre Weening healwei de wedstriid en pakte 4 minuten foarsprong op it peloton. De Harkyt waard werompakt troch in hantsjefol efterfolgers, wêrtroch der in kopgroep fan sân man ûntstie. Yn de slotklim op de Galibier moast Weening lykwols belies jaan.
De oerwinning gong nei Giovanni Visconti. De Italiaan kaam solo as earste oer de einstreek op de Galibier. Carlos Betancur einige op romme efterstân as twadde.
De Italiaan Vincenzo Nibali behâldt de liedersposysje yn it klassemint.