Briedende fûgels net steure

Op trije plakken op it Noardseestrân fan Skylge wurde buordjes pleatst. Doel is om minsken te warskôgjen net te ticht by de dunen te kommen. Dêr briede ferskate seldsume fûgeltsjes. Om de kâns op fersteuring sa lyts mooglik te meitsjen, wurdt it publyk mei de buorden wiisd op de oanwêzichheid fan dy fûgels. Minsken moatte sa ticht mooglik by de see rinne.
As de fûgels skrikke fan minsken dy't te tichtby komme, ferlitte se it nêst en is it briedsel mislearre.