Drankrider by Berltsum pakt

In 56-jierrige man út Berltsum koe sneontejûn syn rydbewiis ynleverje by de plysje omdat er te hurd ried en mei drank op achter it stjoer siet. Op de Gernierswei yn syn wenplak is er oan de kant set. It die bliken dat er ek gjin jildich rydbewiis hie. Op it buro hat de man proses-ferbaal krigen.