Frysk hurdfytssúkses

© awfoto.nl
Wim Stroetinga hat sneon de lêste etappe yn Olympia's Tour wûn. Yn Reuver wie er de rapste yn de massasprint. Earder dizze wike waard de âld-ynwenner fan Aldeberkeap twa kear twadde yn de sprint. De einoerwinning wie krekt as ferline jier foar Dylan van Baarle.
Harry Sweering fan Snits waard sneontejûn winner fan it kritearium troch de binnenstêd fan Boalsert. Sebastiaan Pot fan Badhoevedorp waard twadde. Niek Hooghiemster fan Oentsjerk, tongersdeitejûn fierwei de sterkste yn Gerkeskleaster, waard tredde.