Nije opnamen foar Dokter Deen

De Doarpsstrjitte fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Foar in twadde rige fan de tillevyzjesearje Dokter Deen wurdt de kommende wiken wer filme op Flylân. Dat bart op ferskate lokaasjes op it eilân. Moandei wurdt der filme by Strân Seeduyn, tiisdei binne der opnamen by de maneezje en de jachthaven. Fierder wurdt der filme by de fearboat.
De gemeente Flylân hat it produksjeteam tastimming jûn om foar koarte perioaden it ferkear te strjemjen.