Lieuwe Westra is striidlustich

Lieuwe Westra is der sneon krekt net yn slagge syn twadde ritwinst te pakken yn de Ronde fan Kalifornië. De hurdfytser fan De Tynje ried yn de 7e etappe op de slotklim rjochting de top fan de Mount Diablo lang oan kop mei de Spanjert David de la Cruz. It duo waard op sa'n trije kilometer fan de finish lykwols werom pakt troch it groepke mei de favoriten foar de einoerwinning.
De Tsjech Leopold König kaam úteinlik solo oer de einstreek. Westra waard 39e op 4 minuten. Hy waard noch wol útroppen ta meast striidlustige hurdfytser fan de dei.
Westra stiet op it 20e plak yn it algemien klassemint.